PKN
PKN De Lege Geaën
 
Musical Ester

Musical Ester

Ester, de musical.
De musical Ester staat op het punt om opgevoerd te worden! Inmiddels is onze groep flink uitgebreid. Zo zijn er natuurlijk alle acteurs en actrices, de dirigent, de regisseur en de musici die meedoen om een prachtige musical op te voeren, maar ook een hele grote groep van vrijwilligers die onmisbaar zijn, zoals bijv. de dames van de omballingen achter de schermen, onze stagiair, onze catering, de parkeerwachters, licht en geluid, de bouw-, en decorploeg, de ontvangst enz. En iedereen heeft er veel zin in. De laatste puntjes op de i en dan is het zomaar 11 april en start de try-out.

Er zijn nog kaarten te verkrijgen bij Postma Diervoeders voor de woensdagavond, de vrijdagavond en voor de zaterdag. Nu is het moment: nodig de hele familie, de sportclub, collega’s of vriendenploeg uit en kom gauw die kaarten halen!

Wij zien u allen graag op 11, 13, 14 of 15 april!
Namens de musicalcommissie, Greetje Molenaar.

 
Musical Ester Musical Ester

 

 
Musikal Ester; yn april op 'e planken!

Musikal Ester; yn april op 'e planken!

Mear as 40 spilers en sjongers, muzikanten, in bouploech, minsken dy’t klean meitsje; der binne nochal wat yngrediïnten nêdich foar in súksesfolle musikal. "Sy binne allegearre wichtich, want wy dogge it mei ús allen", sizze Margreeth Hofstee en Tine Huisman dy't op de eftergrûn de omballingen fersoargje.
Yn in grutte stêd net fier fan de Lege Geaën hearre je it wurd mienskip no regelmjittich. By it meitsjen fan de musikal Ester wurdt it yn de praktyk brocht en yn april is it resultaat te sjen yn de Westereintsjerke yn Tersoal.
De ploech minsken dy’t musikal Ester mooglik makket, wennet yn de Lege Geaën of hat der in bining mei. Foar in part binne it feteranen fan eardere musikals lykas Jona fiif jier lyn, mar der binne ek genôch talintfolle, frisse, nije gesichten te sjen op it podium.
It is in bulte wurk om in musikal yn'e steigers te setten en al dat wurk is frijwilligerswurk! De kâns om safolle lokaal talint op ien plak te treffen, komt net hiel faak foarby…
It bibelske ferhaal fan Ester is net in ynfâldige fertelling; der binne meardere lagen en it foartbestean fan in hiel folk stiet op it spul. Sa'n djipwoartele ferhaal is in rykdom dy't net allinnich goed teatraal te ferbyldzjen is, mar ek goed te ferbinen falt mei de aktualiteit. Yn dizze musikale bewurking is der in knipeach nei wat der no om ús hinne gebeurd werom te finen foar wa’t it sjen wol.
De regy is hânnen fan Doeke van Sijen en Hans Molenaar is de dirigint. It stik duorret mei pauze sa’n  twa oeren. Der is alle kearen romte foar 125 minsken.

Plak:                Westereintsjerke, Westerein 5, Tersoal
Spyldata:         Woansdei  11 april 2018  19.00 oere (Try-out)
                         Freed   13 april 2018  20.00 oere
                         Sneon  14 april 2018  15.00 oere  20.00 oere
                         Snein  15 april 2018  15.00 oere
Tagong:           € 7,50,  try-out € 5,-
Kaartferkeap:  fan 12 maart 2018 ôf by Postma Diervoeders,
                         De Eker 1 yn Gau
Mear ynfo of kontakt: 

Wolle jo alfêst in priuwke fan musikal Ester ha?
Snein 11 maart 2018 om 9.30 oere is yn de Westereintsjerke in Ester-tsjinst. De tsjinst stiet yn it teken fan it ferhaal fan Ester en der sille in oantal  lieten út de musikal te hearren wêze. Wolkom allegearre!
 

 
ynformaasje musical Ester

ynformaasje musical Ester

Graach wolle wy – de musikalkommisje – wer mei alle Legeansters in nije musikal op ‘e planken bringe!

Op woansdei 19 april, jûns om 20.00 oere binne jimme fan herte wolkom yn it gebou by de Westereintsjerke yn Tersoal foar alle ynformaasje.

We sykje sjongers, spilers, muzikanten, bouwers, naaisters, sminkers, minsken foar ljocht en lûd, koartsein: jong en âld is fan herte wolkom om mei te dwaan.

It oefenjen begjint op snein 10 septimber 2017 en de útfiering fan de musikal sil wêze op 12, 13, 14 en 15 april 2018.
‘Ester’ is in musikal yn it Frysk, nei it ferhaal fan Ester ut it âlde testamint , mei in hjoeddeiske ynfulling.  Hans Molenaar sil de sjongers en muzikanten dirigearje dizze kear.

As jo  woansdei 19 april net komme kinne, mar wol graach meidwaan wolle, stjoer dan in mail nei en set der by wat jo  graach dwaan wolle.
Jim kinne ek belje mei Tineke Postma (51227) of Tine Huisman (521324).
Wy sjogge jimme  graach op 19 april!

Graag willen wij -de musical commissie- weer samen met alle Lege Geaensters een nieuwe musical op de planken brengen!   Op  woensdag 19 april ’s avonds 20.00 uur ben je van harte welkom in het gebouw bij de Westereinkerk in Tersoal voor alle informatie.
We zoeken zangers, toneelspelers, muzikanten,  bouwers, naaisters, schminkers, mensen voor licht en geluid,  kortom jong en oud is van harte welkom om mee te doen.
We beginnen met oefenen op zondagavond 10 september en de uitvoering is gepland op 12-13-14 en 15 april  2018.   Ester is een Friestalige musical naar het verhaal van Ester uit het oude testament, met een hedendaagse invulling.
Hans Molenaar zal deze keer de zangers en muzikanten dirigeren. Wanneer je niet in de gelegenheid bent om woensdag 19 april te komen en wel graag mee wilt doen, stuur dan een mail naar en geef aan wat je graag wilt doen.  Uiteraard kun je ook telefonisch contact met ons op nemen: 0515-521227(Tineke Postma) of 0515-521324(Tine Huisman)
Graag zien we je op 19 april!
De musikalkommisje: Gerrit van der Leeuw, Greetje Molenaar, Sybren Abma, Tine Huisman, Margreeth Hofstee, Tineke Postma

 
 

Kerkdienst Westereinkerk Tersoal
datum en tijdstip 19-08-2018 om 9.30 uur
meer details

 
CONTACT

Predikant

Aanmelden BIJEEN (nieuwsbrief)

Webmasters
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.