|
|
Musical 2026
Musical 2026
Lykas earder yn Bijeen stie, hjir wat mear beloofde ynformaasje. We ha in soad minsken nedich, minsken dy't sjonge en spylje wolle en minsken dy't meihelpe wolle achter de skermen. Dêrby is gjin leeftiidsgrins. Elkenien mei meidwaan, mar foar de rollen yn it stik sykje wy benammen minsken tusken de 14 of 15 jier oant sa âld ast bist mar sa jong bist ast fielst. Yn de musical sitte solo stikken, koar stikken en kombinaasjes fan beide. It binne ballads en stevige rocknummers en fan alles dêr tuskenyn.
Op snein 5 oktober is elkenien dy't meidwaan wol wolkom fan 19:30 ôf yn de sealen neist de tsjerke yn Tersoal (Westerein 5). Dy jûns wolle wy jimme it ien en oar útlizze oer de musical, jim al wat lieten hearre litte en, as it heal kin, ek al fêst begjinne mei it oanlearen fan in liet.
Wy sjogge jimme graach op de 5e oktober.
Tineke Postma, Gerrit van der Leeuw, Hans Molenaar
| terug
|
|
|
|
|
|