|
|
Bernard en Willem mei guod Oekraïne-aksje nei Krakau!
Bernard en Willem mei guod Oekraïne-aksje nei Krakau!
Beste minsken,
Sa’t jim hjerder lezen ha binne wy, Willem Heeringa en Bernard Abma, mei Cor en Marieke út Nijkerk, nei Krakau west. We ha der de spullen brocht dy’t we fan jimme krigen hawwe.
We binne ôfsetten op 4 december om 6.00 oere, us earste oernachting wie yn Legnica.
De oare dei binne we nei Krakau riiden, sa’n 4 oeren riide, we binne der om 12 oere oankommen en binne der hertlyk ûntfongen troch de minsken derre. We hawwe mei help fan harren de beide bussen en de oanhanger lege.
It is een soarte fan distributiecentrum wer’t se de spullen wer yn lytsere doazen ferpakke.
Peter is de man dy’t dit allegjerre nei it front bringt, somtiden troch de linie’s hinne riid, om sa ticht mogelyk by de minsken en soldaten te kommen. Syn frou seit dat as hy dan wer thûskomt, hy twa dagen bekomme maot, safolle hat hy dan sjoen en meimakke. Yndrukwekkend om te hjerren en te sjen wat dizze minsken der dogge.
Willem en iksels binne om 15.00 oere wer werom riden nei Legnica, us earste sliepplak. De oare dei binne we wer nei hûs riden. Underweis ha we nog een lege oanhanger ophelle, die’t der stean bleun wie, omdat de minsken dy’t een wike earder der hinne west binne, pech hiene mei de auto en mei de trein en bus wer nei hus kommen binne.
Nei een goeie reis binne we om 19.30 oere wer oankommen yn Nykerk, der ha we de bus en oanhanger wer ynlevere. Lenie stie us der op te wachtsjen om it leste stikje nei hus te riden. Om 22.00 wienen we wer yn Tersoal.
Klean binne der foarearst genoch.
Wat se nog wol graag ha wolle is;
- Medische hulpmiddelen en medicatie
- Dekbedden, slaapzakken, dekens
- Stevige schoenen (zonder hakjes) sokken en nieuw ondergoed
- Gereedschap dat niet op stroom gaat, handgereedschap,
- Kettingzagen (met benzinemotor) aggregaten
- Voor kinderen kleine schone knuffels en lampjes op batterij.
Dit kin by my ( Bernard) inlevere wurde.
Jim financiele bydrage is ek altiid wolkom. Dit kinne jim oermeitsje op reknr. NL67RABO0331564637 tnv JW de Knijff ovv team Krakau.
We halde jim op ‘e hichte.
Mei groetnis, Willem en Bernard
| terug
|
|
|
|
|
|