PKN
PKN De Lege Geaën
 
Musical 2027 Musical 2027
De musical soe dochs yn 2026 opfierd wurde? Ja, dat kloppet. Dat wie it oarspronklike plan. Spitigernôch wiene der wat te min dielnimmers, wêrtroch't it lestich waard om alle rollen ynfolle te krijen. Dêrom wolle wy it nochris besykje. Ien fan de beswieren dy't wy hearden wie dat de sneintejûns in lestige jûn wie foar de repetysjes. Dêrom geane wy oer op tongersdeitejûn. De earste repetysje is op 3 septimber, fan 19:30 oant 21.30 oere. De útfieringen sille op 7, 9, 10 en 11 april 2027 wêze.
We ha in soad minsken nedich, minsken dy't sjonge en spylje wolle en minsken dy't meihelpe wolle achter de skermen. Dêrby is gjin leeftiidsgrins. Elkenien mei meidwaan, mar foar de rollen yn it stik sykje wy benammen minsken tusken de 14 of 15 jier oant sa âld ast bist mar sa jong bist ast fielst. Yn de musical sitte solo stikken, koar stikken en kombinaasjes fan beide. It binne ballads en stevige rocknummers en fan alles dêr tuskenyn.
Om der wis fan te wêzen dat we genôch minsken ha, wolle wy graach foar 1 july witte wa't meidwaan wol. De minsken dy't ferline jier ek al meidiene hawwe wy al op de hichte brocht en frege oft sy wer meidwaan wolle, mar, lykas al sein, wy hawwe mear minsken nedich. Dus, wolst meidwaan, nim dan kontakt op mei ien fan ús (de ûndertekenden) of stjoer in e-mail nei musicaldlg@gmail.com. Ast dy opjoust, jou dan ek even oan oftst foar of achter de skermen meidwaan wolst.
Wy hoopje dat it ús dizze kear wol slagje sil en dat wy yn april 2027 in soad minsken fan in geweldich moaie musical genietsje litte kinne.
Tineke Postma, Gerrit van der Leeuw, Hans Molenaar
terug
 
 

Kerkdienst Offenwier
datum en tijdstip 08-03-2026 om 09.30 uur
Er is bernewurk meer details

Gezamenlijke maaltijd & Biddag, Zalen de Leeuw Tersoal
datum en tijdstip 11-03-2026 om 18.00 en 19.00 uur
18.00 Gezamenlijke maaltijd,
19.00 Biddag meer details

Kerkdienst Sibrandabuorren
datum en tijdstip 15-03-2026 om 09.30 uur
Frysk,
Er is Bernewurk meer details

 
CONTACT
Predikant:
Ds. Michiel van Blanken
Korte Spruit 4
8608 ZK Sneek
tel. 06 283 925 32
email: domineemichiel@gmail.com

Aanmelden BIJEEN (nieuwsbrief)

Webmasters
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.