PKN
PKN De Lege Geaën
 
In nije kâns: Doch mei oan de musical 'Op syk nei Judas'! In nije kâns: Doch mei oan de musical 'Op syk nei Judas'!
Wennest yn de Lege Geaën (as der yn de buert) en hast altyd al op it poadium of efter de skermen stean wollen? Wy wolle it nochris besykje! It oarspronklike plan wie om de musical yn 2026 op te fieren, mar troch te min dielnimmers koe dat spitigernôch net trochgean. Ien fan de beswieren wie de sneintejûn as repetysjejûn.

Dêrom ferhúzje wy nei de tongersdeitejûn!
Us nije doel: in geweldich moaie útfiering yn april 2027!

Wêr giet it ferhaal oer?
De musical begjint yndringend: Simon en Hanna krije besite fan twa aginten mei it nijs dat harren soan Judas ferstoarn is. Ut dizze grutte fersleinens wei reizgje wy werom yn de tiid. It gûlen van Hanna feroaret yn bernegûl en bringt ús by de berte fan Judas. Sa wurdt de sugestje wekke dat Hanna en Simon it libbensferhaal fan Judas oan de aginten fertelle.

Wat sykje wy?
Wy hawwe in soad minsken nedich. Foar elkenien is der in plak, want der is gjin leeftidsgrins!
  • Foar de skermen: Sjongers en spilers. Foar de rollen yn it stik sykje wy benammen minsken fan 14 of 15 jier oant sa âld ast bist, mar sa jong ast dy fielst. De muzyk bestiet út ballads, stevige rocknûmers en alles dêrtuskenyn (solostikken en koarwurk).
  • Efter de skermen: Helpers foar dekôr, kleding, technyk, kofje, ensfh.
Wichtige data op in rige:
  • Opjaan foar: 1 july 2026
  • Earste repetysje: Tongersdei 3 septimber (fan 19:30 oant 21:30 oere)
  • Data útfierings: 7, 9, 10 en 11 april 2027
Dochst (wer) mei?
Minsken dy't ferline jier meidiene hawwe wy al frege, mar wy hawwe echt mear minsken nedich om dizze produksje mooglik te meitsjen. Wy hoopje dat it ús dizze kear slagget!
Jou dy op foar 1 july:
  • E-mail: musicaldlg@gmail.com (of nim kontakt op mei ien fan de ûndertekenders).
  • Jou by dyn opjefte oan oftst foar of efter de skermen meidwaan wolst.
Oant sjen op de repetysjes!
It musicalteam, Tineke Postma, Gerrit van der Leeuw en Hans Molenaar
terug
 
 

Kerkdienst De Potten
datum en tijdstip 19-07-2026 om 10.00 uur
Bernewurk vanuit PKN De Lege Geaën meer details

Kerkdienst RCN "De Potten", Offingawier
datum en tijdstip 26-07-2026 om 10.00 uur
meer details

Kerkdienst RCN "De Potten", Offingawier
datum en tijdstip 02-08-2026 om 10.00 uur
meer details

 
CONTACT
Predikant:
Ds. Michiel van Blanken
Korte Spruit 4
8608 ZK Sneek
tel. 06 283 925 32
email: domineemichiel@gmail.com

Aanmelden BIJEEN (nieuwsbrief)

Webmasters
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.