PKN
PKN De Lege Geaën
 
De Nachtwacht De Nachtwacht
De famylje Babayants ferbliuwt al mear dan 480 dagen yn ‘kerkasiel’ yn de tsjerke De Open Hof te Kampen. Dêr is 24 oeren deis in ‘tsjerketsjinst’ en salang der in tsjinst is meie se net oppakt wurde. De tsjerke fan de Lege Geaën hat dêr al meardere kearen hinne west. En sa hearden we dat it dreger wurdt om de nachttsjinsten op te foljen. Dêrom binne we nochris ôfreizge en ha yn de iere nacht fan 25 maart 4 oeren de wacht hâlden.

Ús tsjinst bestie ûnder oaren út it lêzen fan Johannes 18 en 19 ôfwikseljend mei sjongen fan de lieten 281, 547 en 587. Dit giet oer de skiednis foarôfgeand oan Peaske, dus wol aktueel.

Nei it skoft waard in ferhaal út Open Deur foarlêzen wat ferhelle oer it ‘út de doeken dwaan’. En nei it sjongen fan Ubi Caritas waard in ferhaal oer it libben fan de russise politieke aktifist Navalny foarlêzen. As ôfslúting ha we it liet ‘Kom as it tsjuster is’ songen. Tuskentroch ha we praat oer wat foarlêzen wie en kofje / tee dronken en wat iten. Der wie ek in frijwilliger by ús oanskoad. Hy draaide dêr om de 8/9 dagen in hiele nachttsjinst fan 20 oant 8 oere moarns en joech ús noch mear ynformaasje oer it kerkasyl.

De ‘Werkgroep vluchtelingen van de Raad van Kerken’ spant him yn om by it regear oandacht te freegjen foar de famylje Babayants troch brieven te stjoeren. Ynkoarten krije wy sa’n brief tastjoerd en we wolle jim freegje om dizze brief te ûndertekenjen. Dêrnei stjoere we ek dizze brief nei Den Haag.
It wurdt heech tiid om dizze minsken, dy ’t al mear as 12 jier hjir binne, op te nimmen yn ús lân. Se kinne gjin (oare) kant mear út!
 
Út namme fan de groep ‘Kerkasiel Kampen’
Feikje Bakker
terug
 
 

Dwingeloo, The Passion
datum en tijdstip 02-04-2026 om
Witte Donderdag
  meer details

Kerkdienst Goënga
datum en tijdstip 03-04-2026 om 19.30 uur
Frysk,
Goede Vrijdag meer details

Kerkdienst Sibrandabuorren
datum en tijdstip 05-04-2026 om 10.00 uur
Gezinsdienst, 
1e Paasdag meer details

 
CONTACT
Predikant:
Ds. Michiel van Blanken
Korte Spruit 4
8608 ZK Sneek
tel. 06 283 925 32
email: domineemichiel@gmail.com

Aanmelden BIJEEN (nieuwsbrief)

Webmasters
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.