PKN
PKN De Lege Geaën
 
Op reiske mei tsjerke Op reiske mei tsjerke
Sneintemoarn 16 april jl. efkes foar achten kaam de ITS-bus it terrein opriden fan de famylje Postma yn Gau. Hjir stiene doe sa'n lytse 30 minsken te wachtsjen om fuort. De reis gie hjoed nei Ter Apel en Boertange. De sfeer siet der fuort goed yn en hielendal nei in lekker bakje kofje/thee mei in selsmakke stik appelcake. Om 10.00 oere waarden we ferwachte yn de kleastertsjerke fan Ter Apel en dat kaam precies út.
Ds. Hetty Boot gie foar yn dizze tsjinst en nei ôfrin wiene we útnoege om mei de gemeenteleden in bakje kofje te drinken. Foar sommigen fan harren wie dit wer efkes in moaie gelegenheid om Frysk te praten en it wie dan ek tige gesellich.

Om’t we om 13.00 oere in rûnlieding krigen troch it kleaster û.l.f. in gids, setten we rûn 12.00 oere ôf nei it ‘Boschhuis’, it restaurant op it terrein fan it kleaster en - sa’t letter bliken die – eartiids de bakkerij fan it kleaster. Hjir liet elts him of har it middeismiel goed smeitsje!

Om 13.00 oere waarden we by it kleaster opsplitst yn twa groepen en eltse groep gie ûnder lieding fan in gids troch it kleaster. Tige interessant en we seachen ús de eachen út! Wat in skiednis! Nei ôfrin noch efkes mei innoar op de groepsfoto foardat we wer yn de bus giene om richting Boertange te gean.

Fan 15.00 oan’t 16.30 oere ha we op ús gemak troch dit prachtige festingstedsje kuiere en wie der sels noch tiid foar it earste ysje fan it seizoen of kofje mei gebak op it terras. It waar wurke oergryslik mei oan de ûntspannen sfeer: we ha de hiele dei prachtich sinnich waar hân!

Om 16.30 oere sieten we allegear wer yn de bus en giene we op hûs oan. Rûn 18.15 oere wiene we wer yn Gau. We sjogge werom op in prachtige en foaral tige geselliche dei, wêr’t in soad lake is! De kommisje PIO, Tineke en Greet, bedankt foar de foartreflike tarieding en organisaazje. We geane takommend jier graach wer mei!



terug
 
 

Kerkdienst Sibrandabuorren
datum en tijdstip 02-06-2024 om 10.00 uur
H.Avondmaal
Gezinsdienst
Koffie na meer details

 
CONTACT
Predikant:
Ds. Michiel van Blanken
Korte Spruit 4
8608 ZK Sneek
tel. 06 283 925 32
email: domineemichiel@gmail.com

Aanmelden BIJEEN (nieuwsbrief)

Webmasters
 
Kerk Tersoal

foto Auke Landman
 
Kerk Offingawier

foto Auke Landman
 
 
  Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.